Drachtstercompagnie, Drachtster Kompenije, Bernardus Nieuwenhuis, Nakke, Historie, Dr.Compagnie, HKDK, Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije, Dr.Compagnie

Oproep

OPROEP: WERK VAN BERNARDUS NIEUWENHUIS (‘NAKKE’)

 

Gâns minsken yn ús doarp kinne de namme Bernardus Nieuwenhuis (1912-2001). Hy kaam fan De Rottefalle, dêr’t er ek meispile hat yn Polyphonia, mar hat lang wenne oan de Folgersterloane, tichteby de Wytse Peetswei. Wat de sport en it toaniel oanbelanget, wie er oriïntearre op De Kompenije. Bernardus Nieuwenhuis, ek wol bekend as “Nakke”, is fral bekend as ferstjinstlik skilder, dy’t hiel wat fan De Rottefalle en fan de buordoarpen op it doek fêstlein hat. Ein tachtiger jierren hat der yn De Rottefalle en 1994 yn Drachtster Kompenije  sels in tentoanstelling west fan syn wurk.

No is der yn Drachtster Kompenije sûnt koart in histoaryske kommisje. Yn dat fermidden is it idee ûntstien om yn 2012 omtinken te jaan oan it feit dat Bernardus Nieuwenhuis hûndert jier lyn berne is. As it heal kin, sil der in boek oer en mei wurk fan him gearstald wurde.

Sadwaande is de Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije op syk nei al it wurk fan Nieuwenhuis. Dat kin wêze in skilderij, in pinnetekening, in akwarel, in achtersket fan in fersierde wein, in beskildere molkbus en neam sa mar op. Oan no ta ha we in stik of 180 wurken achterhelje kin, soms sels fan wurk dat yn Kanada of de Feriene Steaten telâne kaam is. Der moat lykwols folle en folle mear te finen wêze.

Ús fraach is no: wa hat wurk fan Nieuwenhuis yn’e hûs of wit dat oaren wurk fan him ha? De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije soe it tige op priis stelle dat jo dy ynformaasje trochjouwe oan ûnderkreaune. Dat kin fia e-mail (hkdk@hotmail.nl). Jo kinne der wis fan wêze dat der foarsichtich mei de ynformaasje omgien wurdt.

Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije

OPROP

 

De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije is op syk nei al it wurk fan

 

Bernardus Nieuwenhuis

 

Men kin dêrby tinke oan in skilderij of in tekening, in beskildere molkbus of byg. it achtersket fan in fersierde wein, en sa is der grif noch wol folle mear.

 

Wa hat thús wat, of wit miskien wêr ’t it ien en oar te finen is?

As jo wolle, nim dan kontakt op mei ien fan de leden fan de HKDK.

 

Jo hoege it wurk net út te lienen, mar wy wolle der wol graach

in foto fan meitsje.